Nijs

Bokke’s Besonjes 13 & 14 maart 2026
It is alwer febrewaris en dêrom tiid om jimme wat op te waarmjen foar ús toanielstik fan dit jier! Wy spylje op 13 en 14 maart ‘Bokke’s besonjes’ yn de Lytse Fjouwere yn Itens.

It stik spilet om ôf yn it dekôr fan it jier 1586, as Fryslân beset is troch de Spanjaarden. Yn Boksum eksploitearje Bokke en syn frou Akke herberch ‘It Lêste Swolchje’. Harren klanten binne sawol oanhingers as tsjinstanners fan de Spanjaarden. En dat leveret frjemde situaasjes op…

Bokke’s besonjes’ is in ‘doldwaze’ komeedzje fol ferwikselingen en foarfallen, wêr ‘t fan alles in bart en mei in ferrassend slot.







Útfiering maart 2025 ‘Set mar op ‘e rekken’

Doarpshûs de Lytse Fjouwere wie yn maart in wykein lang feroare yn camping “Marsicht’. Wat moai dat jimme der allegear wiene om nei ús útfieringen te sjen. Wy hawwe genoaten! Tank oan elkenien, dy ‘t ús holpen hat, by ús stik west hat te sjen of op in oare manier belutsen wie. It wie wer in geweldich wykein!

Útfiering 2024 It bedimjen fan de njirre

oplus_32

In pear reaksjes:

‘Het kwam voor mij over als een goed gestroomlijnd stuk met mooie, grappige en emotionele scènes. Iedereen zat goed in zijn/haar rol. Wat voor mij altijd belangrijk is, is het speelplezier en dat je merkt dat de spelers het ook leuk vinden. Dat gaf mij als publiek zijnde een goed gevoel’

‘Wat hat Toanielgroep Nim it sa ‘t is wer in prachtige foarstelling makke. Je komme eagen tekoart om net allinne te letten op de minsken mei tekst, mar foaral ek op de minsken sûnder tekst.

Der wurdt aardich wat lake en gniffele om de mimyk, it útbylden fan wurden en de lytse gedetailleerde grapkes.

In ekstra kompliment is der foar regisiseuse Friek Kosse: wat hellet sy de kwaliteiten fan de spilers goed nei boppe ta!

It wie wer in prachtjûn! Alle minsken die’t meiwurke ha, tankjewol!